Fier fan hûs wol ik fertelle Fan seeën dy't griis en flaktes dy't grien Fan boatsjeminsken en wetterwurken Fan bôle fan sûker en huzen fan stien Fan tsjerketuorren en rjochte linen Fan bern dy't alles fan Sinteklaas Fan iisferearing en oergerdinen Wol ik fertelle fier fan hûs Mar ûnsisber wêrom't ik Dy manshege skonken ha Ûnsisber de hân dy't My stal joech en kleur Ûnsisber bliuw ik yn stilte Thús fan fier wol ik net prate Oer marren fan sâlt en stoarmen fan sân Oer blauwe minsken en ankelbonken Oer stêden dy't sonken en seeën fan lân Oer wolketuorren en lavastreamen Oer bern dy't inkeld fan sinne en wyn Oer manljusstimmen en frouljusdreamen Wol ik net prate thús fan fier Ûnsisber de lucht dy't Myn ieren ferromme Ûnsisber it stof dat Him biet yn myn klean Ûnsisber myn souvenir Mar lit it sprekke Yn stilte wêrom't Myn skaad langer is Myn eagen ferdjippe En myn ribben te krap