It read beskynt de greiden, de jun falt oer de mar Der stean se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har Se stean foar harren hutte fan polen, liem en ried Sy han leit op har skurte, hy wurd mei koarten heit It jier hast fyftjin hundert, feroare maatskippij Se lije der net under, se fiele harren fry Der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad Mar wer 't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar Dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild It iten dat se krije is de rykdom fan it fjild It jier hast fyftjin hundert, in nije hearskippij Se buge der net under, se bliuwe altyd frij Chorus: De sinne skynt al ieuwen oer us lan Bringt de iere moarn, else dei opnij De wyn hellet noch alle dagen oan Giet fan lan nei lan, eltse grins foarby It read beskynt it kampke, de jun falt oer de sted Der boartet in lyts famke, noch in skoftsje, aanst op bed Se jeuzelt hunderd ut, de taal dy 't mem har bybrocht hat Har heit ropt troch it rut dat se nei binnen komme moat It jier is no hast twa tuzend, Europa dat wurdt nij It famke sjont en dunset en laket dan nei my Chorus