In wiidferlitten frjemdte In grauwe grize gloed It fêste fûle bûnzjen fan myn bloed It lûd fan iis en izer Fan wyn en waar en kjeld Fan ritmes yn in rauwe rûge hel Ferbline troch de fiere wite djipte Ferwûne troch in wrede wite wrâld De krêft dy 't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby Fertiez' yn en twang en twifel Ferdwaz' yn pine en striid It trage twingend tellen fan de tiid Doe 't alles yn my raasde Om net mear troch te gean Doe seach ik oan de eachein dy dêr stean De hel dy gie 'k foarby mar net allinne It krús dat draach ik op myn hert foar dy De krêft dy't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby Ooh, de hel foarby Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby Dy krêft dy kaam fan dy As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby