Do sjochst eltse dei omheech Wolst sa graach mei alle fûgels mei Do hearst stimmen út 'e steech Mar se sizze net watst heare wolst Want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei Út 'e stêd en mei de fûgels mei As hy sliept is hy d'r wer Yn syn dreamen nimt de wyn him mei Sjocht hy al syn freonen wer As hy hjir is is hy fûgelfrij Do fongst de fisken út 'e sleat We makken fjoer do seachst dyn eagen út Fjouwer oeren seidest neat Ik wol hjir bliuwe seidest ta beslút Want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei Út 'e stêd en mei de fûgels mei As hy sliept is hy d'r wer Yn syn dreamen nimt de wyn him mei Sjocht hy al syn freonen wer As hy hjir is is hy fûgelfrij