Sjochsto my stean, foar dizze muorre fan iensemheid Opboud út stiennen fan leafde en langstme nei dy Listo it gean, dat ik fan pine op myn tosken byt Hearsto myn gûlen en skriemen, of is dat foarby? As de ear fergetten is Fielt it goed dat ik raas, dat ik dy mis! Kinsto libben nei de leafde sjen Nee, dat kin ik echt net leauwe As in hert fan pine brekke kin Bliuwt de twifel driuwen List my gewoan, stean foar de muorre fan bitterheid Slutsto de poarte en dochst ofsto my net mear kinst Ik kin it net oan, dat ik myn siel en myn sillichheid Diele moast, mei de frou dysto net mear bist Fielt it goed, dast alles fernieldst Bisto bliid dat ik deagean fan fertriet Kinsto libben nei de leafde sjen Nee, dat kin ik echt net leauwe As in hert fan pine brekke kin Bliuwt de twifel driuwen Neat wat ik doch, jout my fertrouwen Neat dat ik fiel, jout my noch hoop Kinsto libben nei de leafde sjen Nee, dat kin ik echt net leauwe As in hert fan pine brekke kin Bliuwt de twijfel driuwen