Sneontejouns dan is er disko Dûnsje op in ritmebox En se folget de topfjirtich It is hast in paradox Want elke dei pakt sy de búgel En wat is se fanatyk D'r is altiid en ivich blaasmuzyk It gjit net sa best op skoalle Hy bliuwt wer sitten, dat is wis En ûnderwizers sizze planút Dat er in mislik jonkje is Mar hy koestert syn trombone En gjinien hat sa'n technyk D'r is altiid en ivich blaasmusyk Wa de jeugd hat hat de takomst Nee die blaast nooit yn mineur Wa de jeugd hat hat de takomst Dy jouwt it deistich libben fleur Yn it doarpshûs op it sportfjild Mei de merke, op 'e dyk Der is altiid en ivich blaasmuzyk Se hâldt van sporten en van jongens En van hingje mar wat om It is sa'n fry en fleurich famke Ja it is noch sa'n jonge blom Mar op it kornet dan wurds se earnstich En al lyke enerzjyk Der is altiid en ivich blaasmuzyk Lit guon âlde seur mar sizze Dat er neat doogt fan de jeugd Dat sil altyd wol sa bliuwe Sokken sjoggen in nea gjin deugd Der is altyd nije oanwask En elke lichting is unyk Der is altiid en ivich blaasmuzyk, blaasmuzyk Der is altyd en ivich... As ik sjoch nei dy gezichten, nei de wille en de nocht As ik hjer nei al die klanken Wat it by de minsken docht Dan fiel ik skoan de zelfde leafde En wat binne wy dochs ryk Der is altyd en ivich blaasmuzyk, blaasmuzyk Der is altyd en ivich... Einde