Us beppe is in kreaze, tsjeppe, sûne frou
In echte hertebrekker, mar sy bliuwt pake silger trou
Sy wol my altyd mei ha, op fakânsje nei't bûtenlân
Mar ik bin it stadichoan sêd, ik ha genôch blessueres hân
Skyë, berchbeklimme, mei in tintsje geandefoet
Ik freegje my soms ôf beppe, binne we wol fan 't selde bloed
Want ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries
Ik ha dochs och sa'n hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis
Simmerdeis giet sy te silen, it leafst mei hurde wyn
Ek tonger, stoarm en swierwaar, dêr sit sy net oer yn
Sy stekt sa sûnder soargen, it waad oer of de iselmar
Ja de alder grutste silers, no dy ha respekt foar har
En sy wol it my ek leare, dit is wat sy altyd seit:
No ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries
Want man, wat ha'k in hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis
O, beppe, beppe, beppe, foar jo sjong ik dit liet
Jo ha noch sa'n karakter, jo sitte sa fol striid
Beppe, beppe, beppe, wie ik mar as jo
Dan wie ik in echte keardel, ja folle mear mânsk as no
As it winter wurdt yn Fryslân is sy der al lang op klear
In aerodynamysk pak, in racebril en sa mear
De Alvestêdetocht dêr fynt sy neat mear oan
Sy docht wol altyd mei mar it wurdt op't lêst ek sa gewoan
En komt it earste laachje iis noch net sa botte gau
Dan traint sy op har skeelers, fan Helsinki oant Grou
Nee, ik bin leaver net sa'n oprjochte Fries
Ik ha in ferrekte hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis
Поcмотреть все песни артиста