Filefoarming op 't kanaal, (Altyd mar wachtsje) 'K besoargje skippers mannich kwaal, Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje, Altyd mar wachtsje Ik hearskje as in admiraal, (Altyd mar wachtsje) Auto's, bussen, frachtferkear, (Altyd mar wachtsje) It ljocht op read en it rydt net mear, altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje De motor út as ik regear, (Altyd mar wachtsje) Ja wier as ik it rêde kin, (Altyd mar wachtsje) Hâld ik sels in fleantúch tsjin Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtje Altyd mar wachtje O, wat ha ik it nei 't sin, (Altyd mar wachtsje) In hoartsje wie ik militair, (Altyd mar wachtsje) Jim riede 't al, wat die ik dêr Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Ik waard dêr lui en solitair (Altyd mar wachtsje) By alle fammen dy't ik hie, (Altyd mar wachtsje) As ik mar efkes fierder gie Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Nea ris oernachtsje, Sadat ik faak foar joker stie (Altyd mar wachtsje) Ik hâld no oare minsken tsjin, (Altyd mar wachtsje) Ja, brêgewipper is wat ik bin Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Ik doch no wol myn eigen sin, Lit se mar wachtsje! Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje Altyd mar wachtsje,(Oeh) Ik hâld no oarre mênsken tsjin (altyd mar wachtsje 2x) Ja brêgewipper is wot ik bin (Altyd mar wachtsje 2x) Ik doch nou wol myn eigen zin (Altyd mar wachtsje 2x) Nou hâld ik selfs n fleantúch tsjin (Altydmar wachtsje 2x) Hear hoe't men op my skelle kin, prins Claus en ek de keningin It statenjacht en Rintintin, Neptunis en elke seemearmin De Dútser, de Noor, de Sweed, de Fin, de T.G.V., de Seppelin De ein, de jerke en de hin, siz my hat it libben sin? Ik ha gjin tiid foar myn freondin, Ik wurdt lui en dik en ik wie sa tin Is der noch mear wat ik betinke kin?, Hee sjoch, dêr giet in haaiefin!