Kom en nim my by de han Lit it gean it swier en dreech ferstan De sinne skynt, ja dy skynt ek foar dy Leau yn dysels en fiel dy fÛgelfrij Leau yn dysels en fiel dy fûgelfrij Halde dyn tinsen dy donker en sa del Lusterje dan nei wat ik dy fertel Sjoch nei de loft, it blau, de wolken, lit dy gean Folgje de fûgels, do kinst se ferstean Folgje de fûgels, do kinst se ferstean Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy De leafde is sa kreftich, it makket dy frij Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne It is bytiden ûnwerklik en sa swier Ynteressearret it dy gjin iene sier Lit it los en sjoch omheech De pine ferdwynt en meitsje dy leech De pine ferdwynt en meitsje dy leech Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy De leafde is sa kreftich, it makket dy frij Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne Fûgels binne oeral romtlik en frij De roppe fertelt hiel wat oan dy en my Al is de dei sa tsjuster en docht it ljocht dy sear De fûgels fertelle ûs der is safolle mear De fûgels fertelle ûs der is safolle mear Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy De leafde is sa kreftich, it makket dy frij Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne