Kishore Kumar Hits

De Hunekop - Hurdfytser текст песни

Исполнитель: De Hunekop

альбом: 11,5 jier smoar


Myn sweager, dat is in fijne fent
In ambitieuse jonge mei in protte talint
Hy hat in frijsteand hûske en hy riid yn in KIA
Us heit sei ek al, do kinst der em wol by haw
Dus dy jonge die lyket perfekt
Mar dat is der dus net, dat haw ik lêsten ontdekt
Want ik kaam him tsjin doe't der oan it hurdfytsen wie
Want at dy jonge op de racefiets stapt dan wurdt der asosjaal
Dan flokt der elkenien de bealch fol, dat is net mear normaal
En at der skite of mige moat
Moast mar net miene dat der fan de fiets ôfstapt
It is mar nuver om te sjen, wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
It is mar nuver om te sjen,
Wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
Myn sweager, die is sa goed as bôle
Mar op de fiets hat der dat net ûnder kontrôle
It broekje dat sit him strak yn de naad
En alles en elkenien dat sit him yn it paad
En ek al fietst der foar it goeie doel
Dat is dat yn principe wol goed bedoeld
Mar ûndertusken jaait der lytse bêrn omfier
Want at dy jonge op de racefiets stapt dan wurdt der asosjaal
Dan flokt der elkenien de bealch fol, dat is net mear normaal
En at der skite of mige moat
Moast mar net miene dat der fan de fiets ôfstapt
It is mar nuver om te sjen, wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
It is mar nuver om te sjen
Wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
It is moai dat dy jonge in hobby hat
Bytsje skande dat it op sa'n manier moat
It is in gefaar foar elkenien yn it ferkear
Hy feroaret gewoan yn in arrogante lul
It skûm op e bek, it ferstân op nul
En it trieste is sa as myn sweager bin der wol mear
Want at sa'n jonges op de racefiets stappe dan wurde se asosjaal
Se flokke elkenien de bealch fol, dat is net mear normaal
Se tinke dat se Jezus binne, at se mei de wielersport besig binne
It is mar nuver om te sjen, wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
Ferrekte nuver om te sjen
Wat in racefiets mei in minsk dwaan kin
Godver

Поcмотреть все песни артиста

Другие альбомы исполнителя

Похожие исполнители