Froeger, wiene wy beste maten Wênsdjejonnes giene wy te kaarten Yn it wykein hâlden wy inoander yn 'e gaten Foar at it mis gie Dû holpst my mei, by houwerij Ik wie getúge op dyn trouwerij En wy klusten tegeare oan 'e ferbouwerij Fan úze hûzen En moarns betiid, stiest dû al foar de doar En we riiden troch de mieden mei 120 d'r foar Yn in âlde ôfjakkere Opel Record Út '78 We wurken yn de tiid tegearre op 'e Tille At de fluit moarns gie, dan hiene we al wille Wat de baas fan ús tocht, dat koe ús weinig skille Dêr hiene we skijt oan Mar toen barde d'r iets, en dat hiene we noait tocht Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht Dû wurdest voorman, hie ik noait achter dy socht Mar alles feroare Ronst mei in tillefoan, yn dyn neie pakje Dû giest noait mear even gewoan mei ús mei om in bakje En Dû liest my steeds fjider sakje Yn 'e stront Dû wiest, inderdaad, in hiele goeie maat Mar wat is d'r gebeurd, mei myn alderbeste kameraat? Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije Want no'st Dû voorman bist mei ik dy net mear lije Myn kameraat, doe kist om my de tering krije Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht Dû koest in ekstra bankje krije Mar fan dy nije Dû, ha ik sa skjin myn nocht Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije En ik hjer dy nog sa sizzen dast noait voorman wurre woest Dat dat wol it allerlêtste wie wast Dû dwaan soest Dast d'r nog better in krantewykje d'r by dwaan koest Foar dat bankje ekstra Dû hiest yn die tiid altyten in grut wurd Fan we mat hjoed mar net al te hurd Fleane en drave dat hat hielendal gjin nut Want dêr wurst warrig fan Mar hjoedtedei bisto net mear te ljowen Sist achter it rút fan dyn kantoorke te gowen Dan komst d'r even út om my op te drjowen Dat is net gewoan Dan seist tsjin my dat ik wat hurder mat werke Dû gjist noait mear even mei my nei de merke Sjochst my net iens mear oan yn't tsjerke Want Dû fielst dy better Mar evensagoed bin'k dr wol aardich oerhinne Toch wol skande dat de dingen sa matte rinne Komst d'r wol achter wa't dyn eigen maten binne At se wat macht krije Sa gjin'k tsjintwurdig ek net mear te houwen In oannimmersbedriuw sil myn hús ferbouwe En myn broer, dy wurdt getúge at ik gjin trouwen Want dy kist d'r wol by ha Dû wiest, inderdaad, in hiele goeie maat Mar wat is d'r gebeurd, mei myn alderbeste kameraat? Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije Want no'st Dû voorman bist mei ik dy net mear lije Myn kameraat, doe kist om my de tering krije Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht Dû koest in ekstra bankje krije Mar fan dy nije Dû, ha ik sa skjin myn nocht Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije It is wol núver hoe minsken feroarje kinne At se in bytsje status krije Mar at se dan miene dat se Jezus binne Kin se om my de tering krije Kin se om my de tering krijeeeeee-brúnwurker!