Stea op frije Friezen en hifkje de hoarn Fjochtsje sille wy, foar ús frije Fryske lân Stoart jim no mei swurd en mei skyld yn'e striid En raas tsjin jim fijân dit krêftige liet Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen Oerâlde, leave Fryske grûn Nea woard dy fêste, taaie bân ferbrutsen Dy't frije Friezen oan har lân ferbûn Harren bloed sil floeie, de see kleuret read Ús hater sil bidde om syn eigen dea Dus stea op en lit witte, fier yn it rûn Dot er mar ien de baas is op frije Fryske grûn Eala freya fresena Hjir bin wy de baas Eala freya fresena Stea no op en raas Eala freya fresena Ik jou jim myn wurd Eala freya fresena Frijheid troch bile, spear en swurd Morth motma mith morte kela! Fjochtsje foar jim âlden, frijheid, fee en freon Nimmer sil wy reste sa't it Fryske rjocht beskreaun Morth motma mith morte kela is ús heechste wet Bloed mei bloed ferjilde, ierder sliepe wy net Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grun