Hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde Syn namme waard bejúbele fier yn it rûn Skalden sille sjonge oer syn grutte dieden En fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn Tusken goaden en kening, heiten en soannen Eltsenien dy't grutsk is en Fries yn it hert Seeën en greiden, bosken en strannen Op ús Fryske boaiem bin wy yn ús ferset Koppen hat er tegrúze Folken hat er op 'e knibbels twongen Frjemdfolk wist er te kearen Syn namme is ferneamd en syn dieden besongen Syn fjoer baant yn ús hert En yn jim allen lang om let Syn krêft yn't libben en de dea Ferlit ús tinzen nimmer mear Rêdbâd Aldgillissoan Leit no bedobbe en ûnder 't skyld Rêdbâd Aldgillissoan Yn ús hert en yn ús siel Do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn It libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern Ik sis Rêdbâd mei hân op myn hert Rêdbâd, myn kening, oant 'e dei dat ik stjer