It is hjerstwaar yn 'e wrâld en de dagen wurde skier Mar minsken jong en âld komme nei de beam fan fier Asega is it tingtiid? De tiid is kaam om te kiezen Sa is it! Fryslân's soannen it ting sil jim in kening jaan Rûn tûzen fjurren wurdt sprutsen oer moarn, Oer de nije kening Aldgillissoan Wêda's segen sil der ha, oan him sil ik in offer bringe Mei it knyft djip yn myn fleis dript it bloed my oer de fingers Kervjend yn myn eigen boarst sil ik help oan ieneach freegje Om te bringen op it skyld de man dy't eare en rykdom takomt Oanfurdigje myn offer! Stean ús by! Oanfurdigje myn offer! Stean ús by! Mei goadefroulju praat er en mei Nertha op syn hân Sil oer de lannen hearskje, Aldgillissoan Dan wurdt it stil Oant de Asega ropt: Folk fan Fryslân, soannen fan Inguz, Harkje nei wat ik sis Op it skyld sil heven wurde De man dy't troch ús útkard is