De skimer ferrint yn tsjuster Sille giet de stins al yn mei it bier It momint is dêr, yn it tsjuster sil er slûpe Hadagrim syn taak is swier Fryslân hat ferlet fan in nije kening Aldgillis, dyn tiid hat west Gean it libben út, âlde strampel Do bist ús no ta lêst In skym yn it tsjuster Mei it knyft en de krûden yn syn hannen Komt er by de kanne en flústert 'tsjoch' Dwyl, yn 't swit mar grutsk op syn die Want Aldgillis komt de nacht net troch Drink Aldgillis Dyn lêste slok, dyn lêste kear Dyn lêste azem en dan bist net mear De Walkearigen nimme dy mei En yn it Walhalla dêr bisto frij Yn de dea bisto mei ús besibbe Dyn bruorren, dyn susters, dyn folk! In skym yn it tsjuster