Werom komt út it Denelân, Rêdbâd kening In sterke bân Smeiend tusken twa grutte folken Friezen en Denen hân yn hân Hadagrim en Rêdbâd! Yn 'e Meahal De harpe waard poend, de skald song dy jûn Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter Sterk en machtich is it Denefolk De sibbe fan Snoade Henrik wol ús leare te fjochtsjen as wylde swinen En poddestuollen foar de striid te slinen Hadagrim en Rêdbâd Yn 'e Meahal De harpe waard poend, de skald song dy jûn Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter Bloed spat yn it rûn It streamt oer de grûn Foarop yn 'e striid Har dieden binne swiid Mei't swurd yn 'e hân Foar Fryslân Ik spjalt har de kop Wylst ik rop: foar Fryslân Bors de reus is geef en grut En fjochtet mei in untsachlik swurd Mar sûnder eangst rint Rêdbâd op him ta En ferslacht de reus, foar Wêda! Hadagrim en Rêdbâd Yn 'e Meahal!