In jonkje wurdt in strider, Rêdbâd's tiid brekt oan De learling ferslacht syn master hy fjochtet mei ferstân In strider is der wurden, syn swurd slacht nea mear mis Hy sil syn folk goed liede, as er letter kening is Hûnen en wriggerts stoarmje de seal rûch yn Itensreau en banken saaie oer de flier It bloed befriest en stjurret my yn de ieren Dreamen oer de wolvetiid wurde wier RÊDBÂD! Keningssoan yn 'e wolvetiid Gjin bern mear mar klear om te fjochtsjen Dit is foar ús eare, en ús heitelân Myn swurd is myn maat, de striid is myn paad Refrein Ferbjustere rin ik op 'e beammen ta De woestelingen ride foarop Ûnder de tsjoen fan Wêda binne hja Mei in tichte sek oer myn kop Wolvetiid! Liken yn 'e beam Wolvetiid! Wurklikheid as dream Wolvetiid! Hast klear foar de troan Wolvetiid! Foar de keningssoan Rinne mei de wolven, jeie troch bosk en fjild Fjochtsje mei de swinen, sline fan it wyld Krêftich as in wolvesoan yn 'e wolvetiid Fjochtsje wy as wolvebruorren ús eigen wolvestriid RÊDBÂD! Refrein Wolvetiid! Strûpe om 'e strôt Wolvetiid! Hingjend yn it wâld Wolvetiid! Folger komt foar my Wolvetiid! Ieneach makket frij