Út 'e dize ferskine de koppen Fan bisten tuorrich en wreed Wylde draken ferskuorre de loften In fjurrige glâns oer de see himelsbreed Hoarnen klinke oer it wetter Galmjend op spoekêftige toan It earste teken, út 'e fierte Kening en soan komme der oan Koppen yn 'e mist! It bloed begjint te jeien, de azem stekt my yn 'e kiel By de mêst riist in skym op, kromstjûnige skippen komme op ús ta Foarst fan de Friezen, bloed fan ús bloed Strider der striders bring ús dyn soan, bring him ús hjoed Har spearen djip yn de ierde Fredich fûstkjend mei de wapenhân Gjin slachark sil hjoed deaden rispje Fryske krigers stjitte de hoarn Koppen yn'e mist!