Ik bin Hadagrim, soan fan Egisgar Do bist Rêdbâd, soan fan Aldgillis kening Do, bist myn stalke In lang libben, it is my jûn Mar it lêste skoft bin ik oan fertriet ferbûn In soad ferlern, myn freon en wiif En stadichoan nim ik ôfskie fan myn liif En by jûntiid sjoch ik him al stean Ik fiel syn hân op myn skouder, kin him ferstean Hy komt my heljen, mar noch ien ding moat ik dwan It ferhaal fan kening Rêdbâd oan eltsenien trochjaan Besit stjert en sibben stjerre Dosels stjerst as harren Mar ien ding wit ik, dat ivich libbet De helderom fan 'e deade Hy hie de wiisheid, hy hie it ferstân En wie de kening fan ús moaie Fryske lân Soan fan Aldgillis, no ûnder 't skyld Wie wiis as kening, en yn de striid sa wyld En dy namme sil nea fergean Want yn eltse Fries, sil in stik fan dy bestean En tûzen jier letter, sille se noch roppe Heil oan kening Rêdbâd, Fryslân boppe! Refrein Dit wie it ferhaal fan de kening, ik ha it skreaun Myn namme is Raven, my jûn troch myn bloedfreon En no't ik dit folbrocht ha, Wêda nim my mei Bring my gau nei myn freonen, want dan pas bin ik frij