Kishore Kumar Hits

Baldrs Draumar - Eala Frya Fresena текст песни

Исполнитель: Baldrs Draumar

альбом: Magnus


Stean op frije Friezen en hifkje de hoarn
Fjochtsje sille wy, foar ús frije Fryske lân
Stoart jim no mei swurd en mei skyld yn'e striid
En raas tsjin jim fijân dit krêftige liet
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen
Oerâlde, leave Fryske grûn
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen
Dy't frije Friezen oan har lân ferbûn
Harren bloed sil floeie, de see kleuret read
Us hater sil bidde om syn eigen dea
Dus stean op en lit witte, fier yn it rûn
Dat er mar ien de baas is op frije Fryske grûn
Eala frya fresena
Hjir bin wy de baas
Eala frya fresena
Stean no op en raas
Eala frya fresena
Ik jou jim myn wurd
Eala frya fresena
Frijheid troch bile, spear en swurd
Morth motma mith morte kela!
Fjochtsje foar jim âlden, foar frijheid, fee en freon
Nea net sil wy reste sa't it Fryske rjocht beskreaun
Morth motma mith morte kela is ús heechste wet
Bloed mei bloed ferjilde, earder sliepe wy net
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn

Поcмотреть все песни артиста

Другие альбомы исполнителя

Похожие исполнители

Vanir

Исполнитель