Slypje it slachark, farvje dan de lea, it antlit swart, wy laitsje nei de dea Daagje it lot út, ferfrisselje ús tried, mei ús maten harres neist ús yn de striid Wy stjerre foar Magnus Forteman Foar him wol wy ús libben jaan Gjin eangst yn ús eagen Wy binne ferbûn foar ivich Hûndert jier nei Aldgillissoan Foar frijheid, foar ús heitelân Niflhel bleau ús besparre, Wy foelen foar Magnus Forteman Hurd as stiel, hurd as stien Grut yn wurd, grut yn die Mei dyn swurd, mei dyn rie Mei dy bin wy ien Gean ús foar, fier ús oan Yn de striid foar ús lân, Op dyn wurd, op dy bân Fan dy kin wy op oan! Foar Magnus, foar Magnus Forteman!