T'is om achthûndert as in machtige hear It Friezenfolk bringe wol ûnder syn regear In fjildslach fan de Friezen tsjin de Saksyske tiran Hi wolde tha sterka Fresan under sine tegetha tian Of slogma tha Saxum Thi Fresa fele sterka Of slogma tha Saxum Hi forim tha and tha saxinna merka Of slogma tha Saxum Thi Fresa to tha lesta Of slogma tha Saxum Feng ma of tha saxum ridderan tha besta Skyld tsjin skyld De dea skuort troch ús kiel Swurd tsjin swurd Gjin Sakser bliuwt hjoed hiel Broer neist broer Fjochtsjend oant de dea Freon neist freon Foar earerom, oars neat As de moanne by it daagjen Ferdwynt de Saksenmoed As snie foar de sinne Ferstommet harren lûd As wylden, as wolven Komme wy op har ta En slachtsje de Saksers, thene erma and thene rika Op de heidefjilden Dêr 't de Irminsul foel Under blêden fan boeken Dêr moetsje wy hjoed Tusken it pears fan de blommen Dûnsje wy tusken spearen Groetsje ús Goaden Ferspuie harren hearen Foar Karel de Grutte Bringe wy de fijân Mei strûpe om 'e strôt En keatlings om 'e hân Mei grutte eagen harket er En krijt dan te ferstean Hu ta sterka fresa his wit Thene saxa tha for gen