Do sylst troch de stoarm mei in stik spanning op 'e mêst It túch hâldsto goed strak, foar eltsenien dochsto dyn bêst Werom nei de haven, dat is dyn grutste doel Do farst op gelok en fertrouwen, hoop en fertrouwen en dyn gefoel Stoarrest nei't plafond, duorret de stoarm dy fierste' lang Sjochsto yn dyn tinzen donkere weagen op 't behang Rin dan nei ús plakje, op de ein fan de pier En lit de wyn dy striele, lit dy striele, kinst it fiele, yn dyn hier Watsto tinkst dat is al tocht En watsto sikest is al socht Belibje 't libben wer opnij Wolsto dat mei my Ek at ik it net mear wit En de stoarm wer lizzen giet Sjochst leafde en gelok, of bin' de weagen noch te heech Farst dyn eigen koers of giet it stjoeren dy te dreech Alle stoarmen gean wer lizzen al duorret it noch sa lang De see sil him wer deljaan, en sjochst roazen, wer reade roazen op dyn behang Want watsto tinkst dat is al tocht En watsto sikest is al socht Belibje 't libben wer opnij Wolsto dat mei my Ek at ik it net mear wit En de stoarm wer lizzen giet